Medisinen net mear toch de goatstien of it húske

03 jan 2018 - 07:43

Der moatte minder resten fan medisinen yn it Fryske drinkwetter komme. Wetterskip Fryslân wol dêrom dit jier mei alle gemeenten om tafel. Alde medisinen en medisynresten wurde net altyd werombrocht nei de apoteek, mar bygelyks troch it húske of de goatstien spield. Gemeenten kinne dêr yn gearwurking mei apoteken in wichtige rol yn spylje.

De gemeente Tytsjerksteradiel start fan dizze moanne ôf mei it ynsammeljen fan medisynresten. Dat docht de gemeente yn gearwurking mei apotekers en húsdokters. Oant no ta betellen de apoteken yn Tytsjerksteradiel de kosten foar it ôffieren fan de âlde medisinen, mar de gemeente nimt no dizze ferantwurdlikheid oer.

Trefwurden: 
medisinen apoteek wetterskip
(advertinsje)
(advertinsje)