Dúngebiet op Skiermûntseach op 'e skeppe

Op Skiermûntseach wurdt oan de Reddingswei ticht by it doarp in grutte yngreep dien yn it dúngebiet. Beammen wurde omseage en der wurdt noch in hiele laach grûn ôfhelle. Natoerbehearder Natuurmonumenten wol sa de rûchte yn it gebiet oanpakke.
De dunen en dúnfalleien hearre in miljeu te wêzen mei foaral in net fruchtbere boaiem en as it heal kin wat kalkryk. Mar der slacht, lykas op elk Waadeilân, stikstof del op it eilân dat de boaiem te fruchtber makket. Dêrtroch ferrûget it eilân. De boeren op it eilân buorkje al hieltiten ekstinsiver, dus der wurdt ek besocht wat te dwaan oan de oarsaak fan dit probleem.