Earste gearkomste Waadhoeke "histoaryske dei foar Fryslân"

02 jan 2018 - 22:37

"Dit is in histoaryske dei foar Fryslân". Mei dy wurden einige waarnimmend boargemaster Hayo Apotheker tiisdeitejûn de earste gearkomste fan de gemeenteried fan de nije gemeente Waadhoeke. Yn in grôtfolle riedseal yn Frjentsjer waarden de riedsleden en de fjouwer nije wethâlders beëdige. De koälysje bestiet yn Waadhoeke út de partijen CDA, FNP en SAM. Harren koälysje-akkoart mei de namme 'Nije grinzen, nije kânsen' waard fêststeld.

De eardere koälysjepartij Gemeentebelangen en ek de VVD stimden tsjin it akkoart. Gemeentebelangen is ferbolgen oer it feit dat se bûten de ûnderhannelingen hâlden binne en de VVD fynt it akkoart lang net konkreet genôch.

(advertinsje)
(advertinsje)