Sovon: folle minder guozzen yn Fryslân dizze winter

02 jan 2018 - 22:05

Yn Fryslân oerwinterje noch hieltyd folle minder guozzen as oars. Gewoanwei sitte hjir in heal miljoen guozzen en dat binne der no 100.000 minder. Dat docht bliken út de lêste fûgeltellingen fan Sovon Vogelonderzoek. Yn oktober wie it ferskil noch grutter, wit Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek. Doe wiene it der hast 200.000 minder.

Sûnt oktober binne der noch aardich wat pauguozzen by kaam, mar de normale oantallen wurde noch hieltyd net helle. Benammen de blesguozzen bliuwe fuort. De guozzen dy't hjir no net komme, sitte foar it grutste part yn Noard-Dútslân. Dat komt mooglik trochdat it mar net winter wurde wol. Oft dit it begjin is fan in nije trend, falt no noch net te sizzen.

Ien guozzesoart bliuwt wol folle mear yn it noarden stykjen: it blaupoatsje, oftewol de 'kleine rietgans'. Dizze fûgels kamen elke winter yn grutte oantallen nei Súdwest-Fryslân ta, mar yn in pear jier tiid is dat gedrach feroare en oerwinterje sy bygelyks yn Denemarken.

(advertinsje)
(advertinsje)