Jongeren mei beheining dupe fan gemeentlike burokrasy

02 jan 2018 - 21:43

Grutte soargen op soarchbuorkerij Lyts Tolsum yn Tsjom. Foar sân jongeren mei autisme en gedrachsproblemen driget in ein oan de oplieding te kommen. De gemeenten finansiere nei dit skoaljier harren lessen net mear. Dy krije se op Lyts Tolsum, dêr't soarch- en leartrajekten al tsien jier in sukses binne. De bern mei in geastlike beheining kinne net teplak yn regulier of spesjaal ûnderwiis. Ek al ha de jongeren gjin learplicht, by Lyts Tolsum krije se dochs de kâns in diploma te heljen. Mar de gemeenten, dêr't de jongeren wenje, wolle net dat der jild út it jeugdbelied, PGB-jild, nei Lyts Tolsum giet.

In oprop ta oerlis hat noch neat opsmiten. "Sa't de gemeenten har no profilearje, wolle se dizze bern, dy't ferskriklik yntelligint binne, dom hâlde", seit eigener Ernst Rusticus

Al earder aksjes

Rusticus makket him grutte soargen om de jongeren. "As der no net goed yn ynvestearre wurdt om dizze jongeren de puberleeftyd troch te krijen, dan krijt de maatskippij in hiel grut probleem." Hy is wol yn petear mei guon politike partijen fan de gemeenten. Mar fan de amtners en bestjoerders heart er neat. It giet om Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke.

Itselde probleem spile foarich skoaljier ek. Doe ha de bern nei aksjes fan Lyts Tolsum sels en de âlden, en nei politike druk in akkoart sletten mei de ûnderwiisynspeksje en in vmbo-skoalle. Mar it akkoart en de PGB-beskikking jildt mar foar ien jier. No stiet de takomst fan de soarch- en leartrajekten op Lyts Tolsum en fan de jongeren wer faai.

Lyts Tolsum hat op it stuit 19 jongeren en 22 begelieders. It ophâlden fan finansiering soe ek gefolgen ha foar de wurknimmers en miskien foar it fuortbestean fan de hiele soarch- en learbuorkerij.

(advertinsje)
(advertinsje)