Cambuur nimt twa nije oanfallers mei op trainingskamp

02 jan 2018 - 19:56

Der geane twa nije spilers mei SC Cambuur op trainingskamp nei Spanje. It giet om de oanfallers Dani van der Moot fan PSV en Puck Postma fan Koninklijke HFC. Neffens technysk manager Foeke Booy hat fersterking op de spitsposysje prioriteit. "Dani is een echte 'nummer 9', die bij PSV net tekort komt in de concurrentie met Sam Lammers en Donyell Malen. Hij is tweebenig en zeer doelgericht." De 21-jierrige Van der Moot stiet by PSV noch ûnder kontrakt oant en mei kommende simmer, mar hy krige fan de Eindhovenaren tastimming om mei Cambuur mei te gean. Wat de 20-jierrige Postma oanbelanget is it mear sjen wat hy kin. "Een soort snuffelstage", fertelt Booy. "Hij kan op verschillende posities in de aanval uit de voeten."

Middenfjilder Bryan Smeets giet net mei nei Spanje. "In overleg met de technische staf hebben we besloten hem niet mee te nemen. We hopen samen met hem een oplossing te vinden, die mogelijk elders ligt", sa seit Booy, dy't fierder kontakt hân hat mei mooglike fersterkings. "Maar het is nog te vroeg om daar iets over te zeggen."

Sipke Hulshoff en Jan Bruin hawwe op it trainingskamp de lieding oer Cambuur, om't der noch altyd net in nije trainer presintearre is. "Op het trainingskamp gaan we daarover nadenken. Voorlopig maken we een pas op de plaats", lit Booy witte. Neffens him is it ek noch hieltyd in opsje dat Hulshoff it seizoen ôfmakket as einferantwurdlike.

Cambuur reizget woansdeitemoarn ôf nei it Spaanske Benidorm. Oant en mei snein bliuwe de Ljouwerters dêr. Mooglik wurdt der ek noch in oefenwedstriid spile.

(advertinsje)
(advertinsje)