Sinteklaasyntocht Dokkum mear as in ton boppe budzjet

02 jan 2018 - 18:41

De lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum hat behoarlik wat mear koste as begrutte wie. De gemeente Dongeradiel hie 350.000 euro útlutsen. Dêrnjonken wie rekkene op bydragen fan ûnder oare sponsoren. De ynkomsten wiene yn totaal 475.000 euro en de útjeften 590.000 euro. It ferskil fan 115.000 euro komt no foar rekken fan de gemeente.

It bedrach is heger útfallen troch ûnfoarsjoene kosten en tsjinfallende sponsorbydragen. Der binne ûnder oare mear kosten makke op it mêd fan feilichheid en mobiliteit. Ek moast der in fargeul útbaggere wurde, sadat de pakjesboat yn it sintrum fan Dokkum komme koe.

Der kamen neffens de gemeente 15.000 minsken ôf op de yntocht en der wiene 2,3 miljoen telefyzjesjoggers. Ynkoarten sil de yntocht evaluearre wurde troch de gemeente.

Trefwurden: 
Sinteklaasyntocht Dokkum
(advertinsje)
(advertinsje)