Nije sporthal Dokkum yn gebrûk naam

02 jan 2018 - 18:22

Dokkum hat in nij sportkompleks: sportsintrum Tolhuispark. It nije kompleks foarmet ien gehiel mei it besteande Tolhuisbad. Dokkumers koene tiisdei foar it earst efkes yn it nije gebou sjen op in iepen dei, wêrby't tal fan sportferieningen demonstraasjes fersoargen.

It kompleks bestiet út in swimbad, in sporthal, romten foar fitness en hoareka, in eigen akkommodaasje foar kuorbalklup De Granaet en klaai- en fergaderromten. It is binnen sa goed as klear, mar bûten moat noch wol it ien en oar barre. Fanwegen it wiete waar fan de lêste wiken is it noch net alhiel ôfwurke. De offisjele iepening stiet op de planning foar ein jannewaris.

Trefwurden: 
sporthal Dokkum Tolhuis
(advertinsje)
(advertinsje)