Eastermar the day after: it doarp stiet op 'e kop

02 jan 2018 - 20:00

Eastermar stiet op 'e kop. Moandei waard bekend dat de PostcodeKanjer fan 53,9 miljoen euro yn it doarp fallen is. Minsken freegje inoar faak earst hoefolle lotten se hawwe en winskje inoar dêrnei pas it bêste foar it nije jier.

PostcodeKanjer Burgers

De middenstân hopet te profitearjen fan de miljoenen dy't nei it doarp komme. Slachter Otte Boersma, dy sels gjin lotten hie, ferkeapet PostkodeKanjer Burgers. De slachter en de winkel 'Alles ûnder ien Dak' ferwachtsje dat der de kommende tiid mear ferkocht wurde sil.

Dûbel gefoel

Fertriet en bliidskip komme ticht byinoar yn Eastermar. Ofrûne freed is der in frou om it libben kaam by in tragysk ferkearsûngelok en dat soarget foar dûbele gefoelens yn it doarp. Ek by Sjouke Wijnsma fan 'Alles ûnder ien Dak', dy't ek in lot hat: "Kin ik aanst wol oprjocht jubelje, omdat ik letter dizze wike nei de begraffenis ta sil?" Ynwenners binne bliid dat de begraffenis op tongersdei plakhat en net op freed, want op freed sil der nei alle gedachten wer in feestlike stimming wêze as bekend wurdt hoefolle jild de rest fan de ynwenners krijt foar de winnende lotten.

 

Trefwurden: 
Postcodeloterij Eastermar
(advertinsje)
(advertinsje)