Omrop TIP: Fiel de Nacht mei Rients Ritskes

03 jan 2018 - 06:22
Rients Ritskes, Fiel de Nacht - Foto: Omrop Fryslân

Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Omrop Fryslân presintator Bart Kingma praat yn it nachtlike onlineprogramma 'Fiel de Nacht' mei Rients Ritskes oer syn libben en driuwfearren. Op dizze tredde dei fan it jier is dat alles te sjen op telefyzje.

Bart Kingma bringt yn de dunen fan It Amelân de nacht troch mei Rients Ritskes. De man dy't as missy hat om Nederlân oan it meditearjen te krijen - en dêr aardich yn slagget. Hy boude in grut zen-ympearium op, en moat him no eins hâlde en drage as in sakeman. Mar is dat wol te kombinearjen mei syn djipste winsk om foaral stil, yn himsels en folslein 'zen' te wêzen? Op woansdei 3 jannewaris om 17.15 is de ôflevering mei Rients Ritskes te sjen.

Fiel de Nacht is fan moandei 1 oan en mei freed 5 jannewaris te sjen op telefyzje. De oare gasten binne Jan Posthuma, Marijke Roskam, Greetje Bijma en Bearn Bilker. Op Omropfryslan.nl/fieldenacht is alles oer Fiel de Nacht, de gasten en de ôfleveringen te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)