"Ze gaan op dit moment mee met de roes in Eastermar"

02 jan 2018 - 16:27

18 miljoen euro, wat soesto dwaan mei safolle jild? Ophâlde mei wurkjen, op reis of in nij hûs keapje? Gewoanwei in fraach dy't allinnich mar hypotetysk is, mar foar in tal ynwenners fan Eastermar is de fraach ynienen in realiteit. Lokkigernôch steane de priiswinners fan de Postcodeloterij der net allinnich foar. Bea Post is de kommende moannen yn it doarp te finen om fanút de lotterij de nije miljonêrs by te stean. Dit docht sy al 27 jier en sy hat dan ek in soad tips. Presintator Femke de Walle belle tiisdeitemiddei yn it programma De middei fan Fryslân mei Post om ris te hearren hoe't dat no dalik rint yn Eastermar.

Bea Post wie moandeitejûn al yn Eastermar by it bekend meitsjen fan de úteinlike priiswinners: "Het was waanzinnig, druk en chaotisch," fertelt se. De kommende moannen sil Post in protte gearwurkje mei de winners. "We gaan ze een beetje waarschuwen en ze ook een beetje behoeden voor alles wat er op ze af komt. Bijvoorbeeld alle vragen die opkomen." Neffens Post sil it ek noch wol eefkes duorje foar't it by de minsken echt trochdringt wat se eins meimakke hawwe. "Ze gaan op dit moment mee met de roes in het dorp."

De kommende wike sil it doarp noch wol yn spanning sitten bliuwe, want op freed wurdt pas bekend makke hokker prizen de oare ynwenners fan Eastermar krije. Lokkigernôch foar Post hoecht se dy net allegearre te begelieden. "Die prijzen zitten als het goed is onder het miljoen, en ik kom pas in actie boven die grens."

It is de bedoeling dat de begelieding fan de Postcodeloterij de kommende moannen noch wol yn kontakt bliuwt mei de winners. "We gaan gewoon als alle heisa achter de rug is, met z'n allen om de tafel zitten. Dan wordt er een keurig plannetje gemaakt met alles wat ze wel en wat ze niet willen. En daarmee proberen wij ze een beetje op de juiste weg te zetten."

De winners meie dêrnjonken altyd de begelieders belje mei allerhande fragen dy't se hawwe. Bygelyks wat se dwaan moatte as der ynienen minsken oanklopje foar jild. Of hoe't se jild oan bern of kunde jaan kinne. Dêr hat Post noch wol in warskôging foar:"Je mag wel geld weggeven, maar je kunt niet zomaar een miljoen weggeven zonder dat de belastingdienst erbij komt kijken."

(advertinsje)
(advertinsje)