MCL no definityf folslein smookfrij

02 jan 2018 - 14:46

It Ljouwerter sikehûs MCL is folslein smookfrij. Net allinnich yn it sikehûs, mar ek op it terrein dêromhinne jildt sûnt 1 jannewaris in smookferbod foar pasjinten, besikers en personiel. Ek de saneamde smooksêres op it terrein binne fuorthelle. Nei it sikehûs fan Hardenberg is it MCL it twadde sikehûs dat sa'n folslein smookferbod ynfierd hat.

Neffens iersjirurch Marthe Brinckman, ien fan de inisjatyfnimmers, giet it benammen om it boadskip dat je dermei útstriele. "In sikehûs is der om minsken better te meitsjen, dêr past it siikmeitsjende smoken net by." Mooglikheden om te hânhavenjen binne der lykwols kwealik. In boete kin bygelyks net oplein wurde.

Njonken it ferbod wurde pasjinten fan it MCL stipe mei help fan nikotinepleisters en - kaugom om op te hâlden mei smoken.

Trefwurden: 
MCL smoke
(advertinsje)
(advertinsje)