LF2018 wiis dat de stellen banieren wer teplak binne

02 jan 2018 - 14:14

De organisaasje fan Kulturele Haadstêd is bliid dat de 80 banieren dy't ferline wike stellen waarden, yn Marsum opdûkt binne. De âldjiersferiening hie de findels dy't yn groepkes by de ynfalsdiken om Ljouwert stiene fuorthelle. Op 1 jannewaris waarden de banieren yn it doarp presintearre. Tagelyk waard in eigen fontein yn gebrûk naam, as ferwizing nei de fonteinen dy't yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 yn de alve Fryske stêden komme.

By Kulturele Haadstêd sille se gjin oanjefte by de plysje dwaan fan de nijjiersstunt. Wol sil de organisaasje kontakt opnimme mei de âldjiersploech om ôfspraken te meitsjen hoe't de findels werom komme op harren plak.

Trefwurden: 
LF2018 kulturele haadstêd
(advertinsje)
(advertinsje)