Marinus Dijkhuizen wurdt assistint by FC Utrecht

02 jan 2018 - 13:49

Marinus Dijkhuizen wurdt assistint-trainer by FC Utrecht. Dijkhuizen krige ein novimber noch dien as haadtrainer by Cambuur en wurdt no de rjochterhân fan Jean-Paul de Jong. De Jong folget Erik ten Hag op dy't nei Ajax ta gien is. Dijkhuizen hat as fuotballer in ferline by FC Utrecht. Sa stie hy yn it seizoen 1999-2000 ûnder kontrakt by de Domstedelingen en skoarde yn 28 wedstriden fjouwer doelpunten.

Trefwurden: 
fuotbal Marinus Dijkhuizen
(advertinsje)
(advertinsje)