Fjoertoer Brandaris op Skylge docht it wer

De lampe fan de Skylger fjoertoer Brandaris wurket wer. Dat meldt Rykswettersteat. Troch in steuring yn de stroomfoarsjenning koe it ljocht yn de toer sûnt moandeitemiddei net oan. Monteurs hawwe it probleem oan it begjin fan de middei ferhelpe kinnen. It is hast tsien jier lyn dat der foar it lêst in grutte steuring yn de Brandaris wie. Doe moast der needferljochting brûkt wurde. Dy koe lykwols net rûndraaie en rikte minder fier as it echte fjoertoerljocht.