Kearslûzen troch hurde wyn ticht

02 jan 2018 - 13:16

Fanwege de hurde wyn dy't ferwachte wurdt, slút de provinsje in tal kearslûzen. It giet om de kearslûzen Goaiïngaryp, De Broek, De Jouwer en Lange Sleat. De slûzen wurde tiisdeitemiddei om trije oere sletten en bliuwe dat oant woansdeitemiddei trije oere. Fanwege de wynferwachting hat it KNMI koade giel ôfjûn. Foar Fryslân jildt dy fan fannacht trije oere oant moarntejûn seis oere. Der wurde yn dy perioade swiere oant hiele swiere wynstjitten ferwachte.

De plysje op Skylge warskôget de bewenners om los guod om har hûs hinne op te romjen of fêst te setten. Ek is it advys om de auto net oan de Willem Barentszkade of op it havenplein te parkearen. Doeksen hat oanjûn de tsjinstregeling foar woansdei op in soad plakken oan te passen op de ferwachte stoarm. 

Trefwurden: 
kearslûs
(advertinsje)
(advertinsje)