Grutte priis Staatsloterij yn De Fryske Marren

© ANP
Net allinnich yn Eastermar, mar ek yn de gemeente De Fryske Marren is immen mei de jierwiksel goed yn de prizen fallen. De Staatsloterij hat bekend makke dat in priis fan 100.000 euro fallen is op in lot dat yn De Fryske Marren ferkocht is. It giet om lotnûmer AA36408. De winner moat him of har melde op it haadkantoar fan de lotterij yn Rijswijk.
Yn tsjinstelling ta de winners fan de Postcodeloterij hoecht de winner fan de ton fan de Staatsloterij gjin belesting te beteljen oer de priis. De haadpriis fan de Staatsloterij foel op âldjiersjûn yn de provinsje Noard-Brabân.