It iepenbier ferfier staakt tongersdei

02 jan 2018 - 11:35

Der ride tongersdei minder streekbussen en as gefolch fan in staking. De fakbûnen wolle mei in lanlike staking ôfspraken oer in fermindering fan wurkdruk ôftwinge. De fakbûnen hiene de wurkjouwers in ultimatum steld, dat tiisdei om 12 oere middeis ôfrûn, mar wachtsje dat no net langer ôf. De wurkjouwers hiene de fakbûnen útnûge foar in petear om de aksjes foar te kommen, mar neffens de fakbûnen kamen de ferfierbedriuwen net mei konkrete foarstellen.
 

Trefwurden: 
iepenbier ferfier staking
(advertinsje)
(advertinsje)