Remon Bruinsma wurdt tongersdeitejûn betocht

02 jan 2018 - 11:16

Der is kommende tongersdei yn Ljouwert in betinking foar Remon Bruinsma. It lichem fan de sûnt 1 desimber fermiste 18-jierrige Westerener waard moandeitemiddei fûn yn it wetter fan de Prinsetún. Al dy wiken ha de plysje en frijwilligers manmachtich nei Remon socht. Kommende tongersdei kinne belangstellenden harren om 7 oere jûns melde by de Waag oan de Nijstêd, wêrnei't de stoet rjochting de Prinsetún kuieret. Dêr wurde blommen yn it wetter litten. De tocht is neffens de inisjatyfnimmers yn oerlis mei de famylje.

Trefwurden: 
Remon Bruinsma betinking
(Advertinsje)
(Advertinsje)