Gearfoeging De Friesland foar in part útsteld

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It organisatoarysk gearfoegjen fan soarchfersekerders De Friesland en Zilveren Kruis is útsteld nei 11 jannewaris. Dat seit Achmea, it bedriuw dêr't beide fersekerders ûnder falle. Beide bedriuwen soene fan 1 jannewaris ôf gearwurkje, mar dat giet net troch fanwege de behanneling fan in beswier fan de ûndernimmingsried by de Undernimmingskeamer fan it hôf yn Amsterdam. De juridyske fúzje tusken de beide fersekerders is wol trochfierd. Foar de meiwurkers feroaret der foarearst neat, meldt Achmea.
Neffens Achmea wurdt der mei de direksje en de ûndernimmingsried fan De Friesland praat oer baangarânsjes en de eigenheid fan De Friesland.