Miljeustrjitten better tagonklik

02 jan 2018 - 11:09
  • Miljeustrjitten better tagonklik
  • Ferslachjouwer Karen Bies is by Omrin
  • Ferslachjouwer Karen Bies is by Omrin, diel 2

In protte miljeustrjitten yn Fryslân binne fan tiisdei ôf ek tagonklik foar minsken út oare gemeenten. Omrin wol op dizze manier soargje dat minsken har grut ôffal en kringloopguod makliker kwyt kinne en dat se minder kilometers hoege te meitsjen. It giet om de gemeenten Ljouwert, Waadhoeke, Harns, Hearrenfean, Eaststellingwerf en Opsterlân, dy hawwe mei-elkoar ôfspraken makke. De ynwenners fan dizze gemeenten kinne, as it harren better útkomt, ek by oare miljeustrjitten terjochte. Wol betelje se it taryf fan de 'eigen gemeente'.

It is de bedoeling dat minsken bewuster omgean mei har ôffal, en dat hieltyd mear ôffalprodukten op 'e nij brûkt wurde. Omrin wol minsken mear ynformaasje te jaan oer recycling en sirkulêre ekonomy. 

Trefwurden: 
miljeustrjitte Omrin
(advertinsje)