Kollum: "Froulju binne twadde soarte"

"Bêste minsken, ik hoopje dat jim Ald en Nij wer oerlibbe ha. It is altyd wer nuodlik, sa’n twadeiske oarloch. Deaden, ferwûnen en fernielingen op grutte skaal hearre der krekt sa by as oaljekoeken, selsmakke slaadsjes en tefolle konferenses.

Eartiids wie Ald en Nij allinne ynteressant foar de earmen. Dy giene biddeljend by de doarren lâns om iten en branje, om sa de winter troch te kommen. It karakter fan Ald en Nij feroare yn de jierren 50 fan de foarige iuw, doe’t elektrisiteit beskikber kaam. Mei de kuolkast, djipfries en ferwaarming waard it yn rap tempo in lúkse barren. Dêr’t oaljekoeken bygelyks ornearre wiene as fette hap om waarm te bliuwen –makke fan yngrediïnten dy’t de hiele winter goed bleaune– binne dy no allinne noch in goeie boaiem foar it ynnimmen fan alkohol.

Hawar, in twadeiske oarloch, dus. No tinke jim miskien: dy Schoorstra brûkt in hyperboal, dy oerdriuwt om de klam op in miening te lizzen. Dochs is dat net sa. Om dat te yllustrearjen sjoch ik ek oer de grins. Nei de buorlju yn Dútslân. Dêr hiene se dizze loop yn ferskate stêden saneamde ‘befeilige sônes’ foar froulju. ‘Women safety area’s’. Tinten dêr’t froulju yn flechtsje koene as se harren bedrige fielden, of as se oantaast waarden troch groepen manlju. Yn dy befeilige sônes stiene krisisyntervinsjespesjalisten fan it Reade Krús klear. Dêrneist noch in sanitêre tinte foar de froulju en in mobile plysjepost om fuortendrekt oanjefte te dwaan.

Persoanlik ken ik befeilige sônes allinne fan oarlochsgebieten. Mei oare wurden: blykber is it oarloch yn de iepenbiere romte mei Ald en Nij. Dat blykt ek út de advizen dy’t de plysje oan froulju joech yn stêden as Berlyn, München, Frankfurt en Köln ûnder oaren. Wa’t lêstich fallen waard of oanrekke of slimmer, moast dy manlju strang ôfwize en oare besikers hiel lûd om help freegje. De plysje joech ek it advys om ‘stichfeste kleidung’ of in ‘kogelwerend vest’ oan te dwaan. München hie it ôfrûne jier mei de Oktoberfesten foar it earst befeilige sônes ynsteld. Dat hie goed foldien. 260 froulju wiene dy tinte ynflechte, en 30 dêrfan hiene oanjefte dien.

Behalve de befeilige sônes en de advizen foar de froulju ha praktysk alle stêden in plysjemacht op oarlochssterkte ynset. Tûzenen tonnen oan betonblokken. Kilometerslange rigen stekken. Ha se mear fideokamera’s pleatst en tsjustere hoeken en stegen útljochte. Rainer Wendt, foarsitter fan de plysjefakbûn, spuit dêr raar guod fan. Dy seit dat befeilige sônes foar froulju in ‘desastreus sinjaal’ binne. ‘Dêr joust mei oan dat der feilige en ûnfeilige sônes binne. Dat is de ein fan lykberjochtiging en lykweardigens. Fan bewegingsfrijheid en selsbeskikking. Froulju moatte der oanspraak op meitsje kinne dat se oeral feilich binne. Wa’t soks betinkt,’ seit er, ‘hat de politike diminsjes net goed foar ’t ferstân.’

Hurde taal fan de plysjefoarsitter. En ik moat him gelyk jaan."

02 jan 2018 - 8:28
(advertinsje)