Ynwennertal Fryslân bliuwt swier efter by lanlike groei

02 jan 2018 - 06:03

Yn de helte fan de Fryske gemeenten is it ynwenneroantal ôfnaam. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Fryslân yn syn gehiel krige der 622 ynwenners by, mar bliuwt efter by de lanlike trend. Tytsjerksteradiel rekke yn Fryslân de measte ynwenners kwyt, 129. De oare gemeenten dy't krompen binne, binne Harns, Kollumerlân, Ferwerderadiel, Dantumadiel, Ljouwerteradiel, Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Opsterlân, Skiermûntseach en Littenseradiel.

Krimp

Neffens haaddemograaf Jan Latten fan it CBS kinne je dúdlik fernimme dat de krimp taslaan bliuwt. In soad minsken sette ôf rjochting stêd. Sa is ek te sjen yn Ljouwert. Dêr groeide it ynwennertal mei hast 300. Mar ek dêrfan seit Jan Latten dat it ôffalt. Benammen as je dat ôfsette tsjin de groei fan stêden lykas Amsterdam. Neffens him is der dan ek dúdlik sprake fan in braindrain; jonge minsken dy't fuort lûke nei de Rânestêd om dêr te wurkjen.

(advertinsje)
(advertinsje)