27 miljoen euro foar twa famyljes op Industrieweg Eastermar

01 jan 2018 - 23:21

De helte fan de 53,9 miljoen euro út de PostcodeKanjer giet nei twa famyljes op de Industriewei yn Eastermar, by de brêge fan Skûlenboarch op postkoade 9261 XC. Tjeerd en Marianne krije 9 miljoen euro, de oare 18 miljoen geane nei Sonja en Romke yn it hûs derneist. De bewenners waarden nijjiersdei thús ferrast troch it team fan de Nationale Postcode Loterij.

De PostcodeKanjer wurdt altyd yn twaen dield: de helte fan it jild (sa'n 27 miljoen euro) giet nei de winnende strjitte, yn dit gefal dus de Industriewei: de oare helte giet nei de rest fan de wyk wêryn't de winnende strjitte leit. Yn dit gefal leit de winnende strjitte fier bûten de rest fan it doarp, dêr't se dus wol deselde wykkoade hawwe.

(advertinsje)
(advertinsje)