"Doe't ik dy truck mei 53,9 miljoen seach, draaide myn mage"

01 jan 2018 - 21:44

"Ik siet yn 'e hûs en doe ried ynienen dy truck hjir foardel. Ferrek, dêr is dy Postcode Loterij-auto mei 53,9 miljoen derop, sei ik tsjin myn frou", seit Kees Feddema. Tegearre mei syn frou Akkie hat er twa lotten foar de lotterij en in ferdûbeler. "Eh jonge ja, dat liket dy auto fan de lotterij wol", sei Akkie Feddema. En dat wie dus ek sa. "Doe begûn it al in bytsje te rotteljen by my: 'Hé, hjir gebeurt wat yn it doarp!'", seit Kees. "Ja, doe't ik dy truck mei 53,9 miljoen seach, begûn myn mage te draaien", sjocht Akkie werom op earder moandeitejûn.

It stel hat alle hoop dat der in grutte pûde mei jild oan harren lotten ferbûn is. Moandei oan 'e begjin fan de jûn waard bekend dat de PostcodeKanjer fan 53,9 miljoen euro op wykkoade 9261 yn Eastermar fallen is. It doarp, mei sa'n 1.300 ynwenners, stiet op syn kop. Moandeitejûn nei 22.30 oere wurdt yn RTL Boulevard bekend makke hokker strjitte wûn hat. Kommende freed wurde dan de prizen it lot bekend makke.

Kees en Akkie binne tige benijd wat harren lot wurdich is. Dizze dei kin yn alle gefallen net mear stikken foar harren. Se hawwe al in idee wat se mei it jildbedrach dwaan wolle: "In famyljefakânsje nei Baly!"

(advertinsje)
(advertinsje)