Plysjesjef oer fynst Remon: "It swartste senario is útkaam"

"It is foar de famylje in hiel heftich momint, dat momint dat je fêststelle moatte dat it meast swarte senario dat jo josels foarstelle kinne, bard is." Dat seit de plysjesjef fan Ljouwert, Cor Reijenga, oer de fynst fan de fermiste Remon Bruinsma moandei yn it wetter by de Prinsetún.
"Ik tink dat hja as âlden altyd yn de holle hâlde fan: 'It kin dochs oars wêze.' Dat wolle je ek graach." Oer wat der no krekt bard is mei Remon en wat de mooglike senario's binne, wol Reijenga noch neat sizze. "Dat binne allegearre fragen dy't wy no beäntwurde ha wolle, op dit momint ha wy dêr tiid foar nedich en wolle wy dat benammen mei de famylje besprekke. Wy hâlde alle senario's noch iepen. Us gedachten geane op dit stuit út nei de famylje."
Reijenga fynt it fierder moai dat minsken manmachtich besocht ha Bruinsma te finen en mei te helpen.