Fermiste Dútser yn goede sûnens weromfûn by Lauwerseach

01 jan 2018 - 20:15

De Dútske man dy't earder op nijjiersdei fermist waard yn de omkriten fan Lauwerseach, is teplak. Hy ferkeart neffens de plysje yn goede sûnens. Moandeitemiddei die de plysje fia in Burgernetmelding in oprop om út te sjen nei 24-jierrige Dútser, dy't yn de nacht fan snein op moandei ferdwûn. De plysje sette in grutte sykaksje op tou, mei ûnder oaren plysjehûnen en in helikopter, om de fermiste te finen.

It is noch net dúdlik wat der krekt mei de man bard is. 

Trefwurden: 
fermiste Lauwerseach
(advertinsje)
(advertinsje)