Fjoertoer de Brandaris jout gjin ljocht mear

01 jan 2018 - 20:03
Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De lampe fan de Brandaris, de fjoertoer op Skylge, is stikken. Sûnt in oere as fiif moandeitemiddei skynt it ljocht net mear. Kees Haringa, ferkearslieder fan Rykswettersteat dy't oer de Brandaris giet, lit witte dat de oanstjoering fan de lampe kapot is en dat dy hooplik tiisdei wer makke wurdt.

It skipfeartferkear is op 'e hichte steld fan it defekt oan de Brandaris en wurdt oproppen hjir rekken mei te hâlden.

De foarige kear dat it ljocht fan de Brandaris net wurke, wie yn jannewaris 2009.

Trefwurden: 
Brandaris Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)