Jorrit Bergsma wint sulver by NK maraton

01 jan 2018 - 19:49

Jorrit Bergsma hat nijjiersdei sulver ferovere by it Nederlânsk kampioenskip maraton yn Utrecht. Hy moast de winst litte oan syn ploechmaat Simon Schouten. It brûns wie foar Frank Vreugdenhil. Titelferdigener Bob de Vries, dy't him foarige wike pleatste foar de Olympyske Spelen op de 5.000 meter, foel tritich rûntsjes foar de ein en wie dêrnei kânsleas foar de winst.

Opnij Irene Schouten

De jongere suster fan winner Simon Schouten, Irene Schouten, waard nasjonaal kampioenskip op de maraton. Se wie yn Utrecht yn de sprint te sterk foar Lisa van der Geest en Emma Engbers. It is de tredde titel foar de Noard-Hollânske stayer op de maraton.

(advertinsje)
(advertinsje)