PostcodeKanjer fan 53,9 miljoen falt yn Eastermar

De PostcodeKanjer fan 53,9 miljoen is nijjiersdei fallen yn Eastermar, op postkoade 9261. Dat hat de Nationale Postcode Loterij bekend makke op harren webside.
De PostcodeKanjer wurdt altyd yn twaen dield: de helte fan it jild (26,95 miljoen euro) giet nei de winnende strjitte: de oare helte giet nei de rest fan de wyk wêryn't de winnende strjitte leit. De winnende wyk (mei de postkoade dy't begjint mei 9261) is no dus bekend, mar de winnende strjitte wurdt moandeitejûn nei 22.30 oere hinne bekend makke by RTL Boulevard.