Protte bushokjes fernield yn Ljouwert
Yn de Ljouwerter wiken Westeinde, Bilgaard en de Vrijheidswyk binne yn de ôfrûne âldjiersnacht in protte bushokjes fernield. Dat meldt de plysje. Dy is no op syk nei de dieders fan it fandalisme. Tsjûgen wurde oproppen har te melden by de plysje.