Lichem fermiste Remon Bruinsma fûn yn wetter Prinsetún

It lichem fan de fermiste Remon Bruinsma is teplak. It lichem dat moandeitemiddei fûn is yn it wetter fan de Prinsetún yn Ljouwert, is it stoflik omskot fan de fermiste 18-jierrige studint fan De Westereen. Dat hat de plysje niiskrekt offisjeel bekend makke.
It lichem waard moandeitemiddei fûn yn it wetter oan de Noardersingel troch in foarbygonger, dy't mei de hûn te kuierjen wie. Plysje en brânwacht kamen manmachtich nei it plak fan de fynst. Nei de identifikaasje koe de plysje mei wissichheid sizze dat it om de 18-jierrige studint giet. In famyljelid hat Remon identifisearre.
Remon Bruinsma waard al sûnt 1 desimber fermist, doe't er in nacht op stap gong mei freonen yn Ljouwert. De ôfrûne wiken waard der mei man en macht nei him socht.