Plysje siket nei fermiste Dútser yn Lauwerseach

01 jan 2018 - 15:20

Yn de omjouwing fan Lauwerseach siket de plysje moandeitemiddei nei in fermiste Dútske man. De 24-jierrige man soe yn nacht fan snein op moandei ferdwûn wêze. Yn de omjouwing fan it havenplak is in Burgernetmelding útjûn. De man hat koart brún hier, in swarte broek en jas.

Der binne meardere plysje-ienheden, plysjehûnen en in helikopter op syk nei de fermiste.

Trefwurden: 
fermiste Lauwerseach
(advertinsje)
(advertinsje)