Tsjerke Muntsjesyl bekladdere mei wite farve

01 jan 2018 - 13:53

De grifformearde tsjerke yn Muntsjesyl is yn de nacht fan snein op moandei bekladdere mei wite farve. Dat moat mei de jierwiksel dien wêze, want snein wie der noch in tsjinst yn it tsjerkje en doe wie der neat oan de hân. De dieders ha ûnder oare ''Gellukig NJ'' op it gebou kalke. Se ha in kwast en in lege amer efterlitten. It tsjerkebestjoer wit noch net hoe grut de skea is. Doarpsbelang ropt de dieders op om harren te melden. 

Trefwurden: 
Muntsjesyl
(advertinsje)
(advertinsje)