Undersyk nei stoflik omskot yn Prinsetún

01 jan 2018 - 13:46

De plysje sil ûndersyk dwaan nei it lichem dat moandeitemiddei fûn is yn it wetter by de Prinsetún. It lichem moat alderearst identifisearre wurde. Dat kin oan de hân fan klean. Nei de identifikaasje sil der in offisjeel parsemomint hâlden wurde. Plysjewurdfierder Cor Reijenga is oanwêzich.

De ôfrûne wiken is der in soad socht nei it lichem fan de sûnt 1 desimber fermiste Remon Bruinsma fan De Westereen. De plysje kin lykwols noch net sizze oft it om him giet. 

Trefwurden: 
Prinsetún Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)