Lichem fûn yn wetter by de Prinsetún

01 jan 2018 - 13:07

De plysje docht op dit stuit ûndersyk nei in fynst yn it wetter by de Prinsetún yn Ljouwert. It giet om in lichem. In part fan de Noardersingel is ôfset. De nijjiersdûk yn de Prinsetún giet út foarsoarch net troch. Njonken de plysje is ek de brânwacht oproppen. De fynst is dien troch in foarbygonger.

Mear ynformaasje folget sa gau as mooglik.

Trefwurden: 
Prinsetún Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)