Crone wol mear eigen sizzenskip foar fjoerwurkfrije sônes

Ferd Crone, boargemaster fan Ljouwert en foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân, fynt dat boargemasters mear sizzenskip krije moatte oer it ynstellen fan fjoerwurkfrije sônes. Op âldjiersnacht moast de brânwacht 71 kear yn aksje komme yn hiel Fryslân. Dat is minder as ferline jier, mar noch altyd tefolle, fynt Crone.
Benammen troch fjoerwurk yn de binnenstêd wiene der ferskate brângefaarlike situaasjes. Sa belâne der fjoerwurk yn de dakgoaten fan it Ljouwerter stedhûs, wêrtroch't de brânwacht yn aksje komme moast. Net foar neat pleitet Crone foar mear sizzenskip foar boargemasters om fjoerwurkfrije sônes yn te stellen.
Crone: "Ik vind dat burgemeesters meer bevoegdheid moeten krijgen om samen met de gemeentraad, de brandweer en de politie te zeggen: 'dit zijn risicovolle gebieden'. Daarnaast moet het keiharde knalvuuwerk echt de kop ingedrukt worden. Daar moet veel strenger op worden ingegrepen."