Njoggen oanhâldingen yn hiel Fryslân op âldjiersnacht

01 jan 2018 - 12:00

Yn hiel Fryslân binne op âldjiersnacht njoggen fertochten oanhâlden. Op it Ruterskertier waard in 23-jierrige Ljouwerter meinaam nei it buro nei't er in man slim mishannele hie. It slachtoffer moast mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde. By de oanhâlding sloech de Ljouwerter fjochtersbaas ek noch in plysjeman yn it gesicht. De plysjeman hat oanjefte dien fan mishanneling.

Yn Wolvegea waard in man oanhâlden nei't er de plysje misledige hie. By de oare sân Fryske oanhâldingen gong it om saken lykas fernielingen, wyldpisjen of it hawwen fan yllegaal fjoerwurk.

Yn Grinslân waarden op âldjiersnacht fyftjin minsken oanhâlden, yn Drinte wiene dat der mar sân.

Trefwurden: 
âldjiersnacht oanhâlding
(advertinsje)
(advertinsje)