Man brekt heup nei't er fan 'e fyts skopt wurdt

01 jan 2018 - 11:47

In 27-jierrige man is fannacht oanhâlden nei't er in 63-jierrige man út Ljouwert fan 'e fyts skopt hie. Dat barde oan de Franklinstrjitte yn Ljouwert. It slachtoffer rûn dêrby in stikkene heup op. De 27-jierrige fertochte koe troch omstanners pakt wurde en waard yn bedwang hâlden oant de plysje kaam. De man sit noch fêst op fertinking fan swiere mishanneling.

Trefwurden: 
mishanneling Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)