Alle nijjiersstunten op in rychje

Tradisjoneel binne der op nijjiersdei ferskate ploegen dy't in nijjiersstunt hâlde. Meastentiids wurde der begjin desimber saken meinaam, dy't op 1 jannewaris wer tefoarskyn komme. Sa waard de blauwe trein fan Kulturele Haadstêd weromfûn yn Warten. It swurd fan Grutte Pier kaam wer foar it ljocht yn Nyegea. En de boat fan it Kameleon Doarp kaam boppe wetter yn Haskerhoarne. Frijsteat Folgeren hie dit jier in bysûndere nijjiersstunt, wêrby't in stellaazje boud waard oer appen yn it ferkear.
Op âldjiersdei waard al dúdlik wêr't de fermiste letters fan Lelystêd Airport binne. Dy blykten meinaam te wêzen troch âldjiersferiening De Geitefok út Aldeberkeap.