Miljoeneskea foar ôfbaarnde maneezje Gaasterlân

Foarsitter Romke Falkena fan maneezje Gaasterlân yn Harich rûst de skea fan de brân dy't moandeitemoarn ûntstie op hast in miljoen euro. Moandeitemoarn baarnde de maneezje foar in grut part ôf. It giet net allinnich om direkte skea oan it gebou sels, mar benammen ek om de gefolchskea. Sa kinne der foarearst gjin seleksjewedstriden riden wurde yn de slim skansearre maneezje. Dy wedstriden moatte allegear ferpleatst wurde nei oare lokaasjes.
Maneezje Gaasterlân is 20 jier lyn boud mei help fan in grutte groep frijwilligers. Dy binne neffens Falkena bot oandien troch de brân. It stribjen fan it bestjoer is om de maneezje wer iepen te hawwen foar de Nederlânske kampioenskippen, dy't yn de simmer hâlden wurde. ''Wy wolle de maneezje noch moaier en better meitsje as dat er wie'', seit Falkena.