Helptsjinsten bliid mei 'gemoedlike sfear' by jierwiksel

01 jan 2018 - 10:06

De jierwiksel yn Fryslân is wat de Fryske brânwacht en ambulânses oanbelanget relatyf rêstich en behearsber ferrûn. De brânwacht moast 71 kear yn aksje komme, benammen foar lytse brantsjes. Dat is minder as de 93 ynsidinten fan ferline jier. Utsjitters wiene wenningbrannen yn Ljouwert en op De Jouwer en de grutte brân yn maneezje Gaasterlân by Harich. De helptsjinsten ha it oer in 'gemoedlike sfear', ' wêryn't de helpferlieners hast oeral 'korrekt en freonlik bejegene' waarden.

Yn hiel Fryslân binne njoggen fertochten oanhâlden. Dêrby gong it om saken lykas mishanneling, fernielingen, it misledigjen fan de plysje of it hawwen fan yllegaal fjoerwurk. Yn Grinslân waarden fyftjin minsken oanhâlden, yn Drinte wiene dat der sân.

(advertinsje)
(advertinsje)