Ljouwerter fjochtersbaas slacht plysje yn gesicht

01 jan 2018 - 09:33

De plysje hat op âldjiersnacht in 23-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't op it Ruterskertier in man slim mishannele hie. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. By de oanhâlding fan de Ljouwerter dieder krige in plysjeman in fûst yn it gesicht. De plysjeman hat oanjefte dien fan mishanneling.

De plysje yn Noardeast-Fryslân hie oer it algemien in relatyf rêstich âld en nij, nettsjinsteande sa'n 30 ynsidinten dy't ôfhannele waarden. Der wiene gjin fjoerwurkslachtoffers.

(advertinsje)
(advertinsje)