Nijjierskonsert yn ramt fan Kening fan de Greide

Muzikant Sytze Pruiksma sil moandei it nijjierskonsert fan it Nederlands Blazers Ensemble yn Amsterdam iepenje. It konsert hat dit jier in Frysk tintsje. It stiet nammentlik yn it ramt fan de skries mei as tema 'Kening fan de greide'. It boadskip is 'Lang zullen we ronddraaien' en hâld de ierde sûn.
It konsert is op woansdei 3 jannewaris yn Ljouwert. Dit is lykwols al folslein útferkocht.