Kollum: "Bloedhjit"

01 jan 2018 - 08:51

"Ofrûne freed wie ik yn de sauna. En sa't dat heart yn de sauna giest healwei de dei lekker op in bank lizzen mei in fout tiidskrift. De Privé en de Weekend binne perfekte saunablêden om te genieten fan stiekeme romances, nij leafdesgelok of just pech fan BN'ers. Mar yn plak fan in Privé of Weekend krige ik dit kear in Mijn Geheim yn hannen. Dat heart spannend, mar foel bot ôf.

It earste artikel gong oer froulju dy't yn 2017 wat loslitte moasten. Dêrfoar krigen se tips fan in 'loslaatcoach'. Serieus, dat bestiet dus. In loslaatcoach. Nei dit ferhaal bedarre ik by de rubryk fan Medium Marion. Sy jout antwurd op fragen fan lêzers troch har gave yn te setten, wêrmei't se dingen fielt en sjocht dy't wy gewoane minsken net sjen of fiele kinne. Dit kear wie der in fraach fan in frou dy't har eigen blommewinkel begjinne woe en dêrfoar advys frege oan Medium Marion. Eeeh, hallo, tocht ik. Se is gjin sakepartner, of wol dan?

Fia Medium Marion kaam ik by it hichtepunt fan Mijn Geheim: de pagina mei de jierhoroskopen. En ek al leau ik neat fan dy hokuspokus, ik koe it net litte om it toch efkes te lêzen. Yn twa kantsjes hie'k samar ynienen myn takomst foar myn noas. "2018 wordt een spannend en intrigerend jaar voor de Waterman", it begong goed. "U vindt eindelijk rust in uw leven, zowel op het gebied van arbeid als in de liefde. Maar belangrijker nog: blijf luisteren naar uw lichaam. Dat vertelt u of u de juiste keuze maakt." Yeah right.

Jim ha it fêst al wol yn de gaten: ik bin net sa spiritueel oanlein. Al dit gewauwel oer stjerrebylden en mediums; ik ha der neat mei. Ik bin mear fan: eerst zien, dan geloven. En ik bin praktysk ynsteld. Wolst in blommewinkel begjinne dan moast in goed idee ha en genôch jild. Dêrfoar stapst nei in boekhâlder of de Kamer van Koophandel, mar skriuwst gjin brief oan in medium. Dan kinst like goed dyn buorfamke fan trije in doaze potleaden jaan en freegje om dyn businessplan te kleurjen. Mar goed; dat fyn ik.

Nei't ik myn jierhoroskoop lêzen hie, lei ik Mijn Geheim oan de kant omdat it tiid wie foar de opgieting. No hie ik dy moarns bloed jûn by de bloedbank en dêr wiene se net sa entûsjast oer myn plan om dy middeis nei de sauna te gean. In heale liter bloed jaan en dêrnei minstens in heale liter switte skynt gjin goeie kombinaasje te wêzen. Dus hie ik tasein dat ik kalm oandwaan soe.

Doe't we de opgietingssauna ynkamen, siet dy al grôtfol. Hielendal boppeyn koene we noch in plakje fine. En doe begong dy opgietman mei syn ferhaaltsje. Wy soene trije geuren krije: rozemarijn, granaatappel en iets fan helmgras mei mint. Dêrnei wie it efkes skoft en moasten wy goed kuolje, foardat de twadde ronde begong.

En doe gong it los. Al by de earste geur tocht ik: bliksum wat is it hjir waarm. By de twadde hie ik it smoarhyt en by de tredde Spaansk benaud. Dus ik wie bliid doe't we der út mochten foar it skoft. Mar noch foardat ik by de kâlde douches wie, gong by my it ljocht út. Wylst myn holle rôp: net oanstelle, raasde myn lichem: it is wol klear sa! It waard my folslein swart foar de eagen en godzijdank wist ik noch krekt in bankje te finen foardat ik ûnderút gong. Yn dyn bleate kont knock-out gean; moast der toch net oan tinke.

Dus de twadde ronde fan de opgieting ha'k mar efkes oerslein. De opgietman kaam yn syn fleurige readruten rokje njonken my stean. "Jullie gaan niet meer mee?" frege er. "Ik sla efkes oer", sei ik. "Bytsje duzelich." En as hie er persoanlik sels de tekst foar myn jierhoroskoop yn Mijn Geheim skreaun, antwurdde de opgietman: "Heel verstandig. Je moet áltijd naar je lichaam luisteren."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)