Rêstige âldjiersnacht foar Fryske sikehuzen

De Fryske sikehuzen hawwe in rêstige âldjiersnacht hân. Yn sikehûs MCL yn Ljouwert kaam mar ien fjoerwurkslachtoffer binnen. It slachtoffer hie ferwûningen oan de hân. Ek yn it Antonius sikehûs yn Snits wie net folle drokte. Dêr wie ien pasjint mei ferwûningen oan it each troch fjoerwurk. Dêrneist hie it Snitser sikehûs ien pasjint mei in alkoholfergiftiging.
Ek yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten ferrûn âldjiersnacht rêstiger as ferline jier. Dêr kamen twa fjoerwurkslachtoffers op de earste help. In slachtoffer fan 12 jier wie ferwûne rekke by it karbidsjitten. It oare slachtoffer fan 14 jier rekke swierferwûne oan ien fan syn hannen troch in fjoerpylk en moast nei de plastyske sjirurgy fan it MCL brocht wurde.
Ek yn Drachten waard in pasjint fan 17 jier mei alkoholproblemen binnen brocht