UPDATE: Grutte brân yn maneezje yn Harich ûnder kontrôle

01 jan 2018 - 05:53

De grutte brân yn maneezje Gaasterlân oan de Wyldemerkwei yn Harich is ûnder kontrôle. De brân bruts om healwei seizen moandeitemoarn út yn de kantine fan de maneezje krekt bûten Harich. De brânwacht wie mei meardere ienheden oanwêzich en skaalde op oant grutte brân om't de flammen út it dak sloegen. De skea oan it gebou it neffens de brânwacht grut. De brân ûntstie yn de kantine. Troch grut op te skalen, koe de brânwacht foarkomme dat it fjoer oersloech nei de rest fan it gebou. Foar safier bekend binne der gjin minsken ferwûne rekke en wiene der gjin hynders yn de maneezje op it stuit fan de brân. Nei twa oeren hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle.

De brânwacht frege om ekstra weinen en in heechwurker om it fjoer goed bestride te kinnen. Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net dúdlik. 

(advertinsje)
(advertinsje)