Tradysje yn Sumar by jierwiksel

01 jan 2018 - 04:45

It is in jierrenlange tradysje yn Sumar: de bult mei houtôffal dy't mei âld en nij yn 'e brân stutsen wurdt troch de jongerein yn it doarp. Ferskate generaasjes binne der grut mei wurden. Tsjinwurdich wurdt de bult yn de brân stutsen op it gers efter doarpshûs De Kamp. De bult waard op âldjiersjûn om healwei tolven oanstutsen, wêrnei't de ynwenners fan it doarp tsjin ien oere yn it nije jier in drankje helje koene. 
 

Trefwurden: 
brânbult Sumar
(advertinsje)
(advertinsje)