Earste fjoerwurkshow Burgum in sukses

01 jan 2018 - 03:57

De alderearste fjoerwurksjow fan Burgum is in sukses wurden, nettsjinsteande in stroef begjin. De útfierder fan it spektakel krige it fjoerwurk earst net oan. Mar nei 20 minuten waarden de earste pylken dan dochs de loft ynsketten. De fjoerwurksjow yn Burgum waard organisearre en betelle troch lokale ûndernimmers, dy't mei-inoar 10.000 euro op it kleed brochten. De ûndernimmers fine sa'n mienskiplike fjoerwurkshow wichtich foar it doarp. It bringt de ynwenners byinoar.

As it yn de takomst komt ta in ferbod op ferkeap fan fjoerwurk oan partikulieren, is sa'n show de takomst, seit ûndernimmer en organisator Wessel Boomsma. Yn totaal kamen der op âldjiersjûn 2017 inkele hûnderten minsken nei de fjoerwurkshow te sjen. 

Trefwurden: 
Burgum Fjoerwurkshow
(advertinsje)
(advertinsje)