Oaljetanker botst op boareilân yn de Noardsee

Argyffoto fan in boareilân © Omrop Fryslân
Op de Noardsee is op âldjiersjûn in oalje- en gemikaliëntanker tsjin in boareilân fearn. Dit barde op 25 kilometer út de kust fan it Noard-Hollânske Julianadorp. Neffens de NOS hat de kustwacht in earste ynspeksje fan it skip dien, en sa't it no liket lekt it skip net. Wol is der skea oan de boech fan de tanker. De sterke wyn út it súdwesten soe eventuele oalje of oare stoffen yn de rjochting fan de Fryske waadeilannen bringe kinne. Mar sa't it no liket is dêr gjin sprake fan.